Skip to content

Wêrom walking football?

Der binne mear as genôch redenen om mei walking football te begjinnen. As (âld-)fuotballer kinst sa dochs noch moai meidwaan, sûnder dat it te swier wurdt foar dyn lichem. In tagonklike wize om yn beweging te bliuwen, yn ’e frisse bûtenloft.

Elke woensdeitemoarn binne we in pear oerkes aktyf dwaande. Us trainer begjint mei in goede warming-up en dêrnei dogge we oefeningen foar balgefoel en ynsjoch yn it spul. It ferskil tusken âlde fuotballers en nijelingen is goed te sjen - en dat soarget faak foar moaie en hilaryske mominten. We slute altyd ôf mei in partijtsje. En de einstân? Die is altyd 6-6.

It sosjale is miskien wol it moaiste

We begjinne steefêst mei in bakje kofje (meastal mei wat lekkers derby). Der wurdt praat, lake en bypraat oer fan alles: sûnens, dorpsnijtsjes, en wat der allegear yn ’e wrâld bart. In echte “keek op de week”, sa’t Koot en Bie it sizze soene.Wat walking football sa bysûnder makket, is datst minsken moetsje kinst die’st oars net samar tsjinkomst. It bringt doarpsgenoaten byinoar, op in leuke en tagonklike manier. En soms ûntsteane dêrút sels wer nije inisjativen – lykas frijwilligerswurk of oare aktiviteiten.

In oanrieder!
Koartsein: walking football is écht in oanrieder. Foar elkenien dy’t graach yn beweging is, genietsje wol fan gesellichheid en it moetsjen fan oaren. En foar elk doarp dat wol wat ekstra reuring brûke kin.

Kom ris del en rin in kear mei!

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.

Meld je dorp of wijk aan en organiseer ook een bloeiweek!

Deelnemende dorpen

De dorpen van Friesland bundelen hun krachten voor een duurzame en vitale toekomst. Klik op de buttons om te ontdekken hoe elk dorp bijdraagt aan Fryslân Bloeit. Samen creëren we een bloeiende toekomst!

Partners

Met dank aan onze waardevolle partners die dit initiatief mogelijk maken. Dankzij hun steun en inzet kunnen we samen werken aan een duurzamer en vitaler Friesland. Ontdek onze partners hieronder!

Back To Top